Animaasjefilm (betsjuttingsside)
Appearance
In animaasjefilm is in film besteande út in rige frames wêrfan't de ynhâld stadichoan feroaret en dy't efterinoar opnommen binne, sadat de yllúzje fan beweging kreëarre wurdt. Foarmen hjirfan binne:
- tekenfilm, besteande út bylden dy't mei de hân of de kompjûter tekene binne
- stop-motion, besteande út bylden fan trijediminsjonale foarwerpen dy't tusken de opnommen frames troch hieltyd in bytsje fan posysje feroare wurde
- klaai-animaasje of claymation, besteande út bylden fan klaaipoppen