(Go: >> BACK << -|- >> HOME <<)

Springe nei ynhâld

Wikipedy:Ienfâldich begjinne

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 okt 2003 om 17.24 troch p0284.spl-a00.dial.wanadoo.nl (oerlis) (Koppeling objectiviteit feroare yn Objectivens.)

Ienfâldich Begjinne

A. In mêd wer't dizze Wikipedia (noch) gjin tekst oer hat, mar wêr't al in koppeling foar is:
(As der noch gjin artikel is, dan is de koppeling yn de tekst allinich in fraachteken efter it mêd.)

  1. Klik op it blaue fraachteken efter it mêd der't jo oer skriuwe wolle. Jo krije dan in lege bewurkingsside, mei in leech bewurkingsfjild..
  2. Typ jo tekst yn, yn it bewurkingsfjild;
    1. lit yn de earste sin, of op syn heechst de twadde, de titel weromkomme, en meitsje dy fet;
    2. meitsje yn de tekst koppelings fan wurden der't jo graag ek in artikel oer hawwe woenen. Dat kin sa: [[koppelingswurd]].
    3. Sjoch fierders: Stikken skriuwe yn Wikipedia-styl.
  3. Klik ûnder it bewurkingsfjild op Preview (Oerlêze): De foarriediche tekst komt dan ûnderoan de side.
  4. Jo wolle noch eat feroarje? Pas dat dan oan yn it bewurkingsfjild, en klik wér op Preview. Soenen jo it wolle, dan kinne jo op dizze wize trochgean oan't de fingers jo like lang binne.
  5. Best genôch? Klik op Save (Bewarje): De nije ferzje fan de side komt fuortendaalks yn byld.

Dat is al! In melding fan jo tafoeging fine jo op Recent Changes (Niis feroare) en op View other revision (Alle bewurkings fan dizze side) ûnderoan de side. Alle koppelings nei de side dy't jo krekt makke hawwe, hawwe no gjin fraachteken mear mar binne/wurde no echte blau-kleurde koppelings, wat sizze wol dat de side no tekst hat.

B. De tekst fan in side dy't al skeaun is feroarje:

  1. Klik op it ein fan de tekst op Edit the text of this page (Bewurkje de tekst van dizze side).
  2. Klik yn it bewurkingsfjild en foroarje al wat net itselde bliuwe moat. Fierders krekt as by A (in tekst skriuwe).

C. In mêd dêr't yn dizze Wikipedia noch gjin koppeling nei oanmakke is.

  1. Sjoch ûnder In nije side meitsje


Wenken

  • Binne jo in nije side begûn? Skriuw dan 'nij' yn it Summary (gearfatting) -fjild, sa't oare brûkers fuortendaalks sjen kinne dat der in side bijkaam is.
  • Wie it in feroaring of oaanfolling? Skriuw dan yn in pear wurden in gearfatting van wat jo dien hawwe.
  • Wie it net oars as it oanpassen van in typflater of soks, dan kinne jo dit oanjouwe mei it fakje This change is a minor edit (dit wie in lytse feroaring), Sokke feroarings komme normaal net op de 'Recent Changes' side, derom moat dit allinich brrûkt wurde as der wier neat oan de inhâld feroare is.


Opmerking:
Utsein ta objektivens en feitlike krektens fan de tafoege ynformasje, binne jo op Wikipedia ta neat ferplichte, net iens ta oanmeldzjen of inskriuwe. Binne jo net oanmeld ûnder in brûkersnamme, dan stiet der by jo feroarings jo ip-nûmer (Ynternet-kompjûter-identifikaasjenûmer). Hawwe jo jo al mei in namme inskreaun (by 'Preferences,' sjoch boppenoan dizze side), dan komt dy namme efter jo bewurking(s) en krije jo ek sels in brûkersside en oerlisside, wêr't jo wat oer josels sizze kinne. Troch jo oerlisside kinne oare brûkers ek wat mear persoanlik oerlis mei jo hawwe.

Siden mei mear informatie:

/Oerlis