(Go: >> BACK << -|- >> HOME <<)

Springe nei ynhâld

Wikipedy:Stikken skriuwe yn Wikipedia-styl: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 19: Rigel 19:
*Pas de ynlieding oan de lingte fan it artikel oan. De ynlieding jout ommers in priuwke fan de rest fan it artikel.
*Pas de ynlieding oan de lingte fan it artikel oan. De ynlieding jout ommers in priuwke fan de rest fan it artikel.


'''Kearn'''
'''Kearn'''<br>
Nei de ynlieding komt de kearn fan it artikel.<br>
Nei de ynlieding komt de kearn fan it artikel.<br>
*De ferskillende dielmêden binnen in artikel wurde mei saneamde 'subtitels' fan elkoar skieden.
*De ferskillende dielmêden binnen in artikel wurde mei saneamde 'subtitels' fan elkoar skieden.

De ferzje fan 29 mrt 2024 om 00.09

Foar it skriuwen en oanfoljen fan artikels yn 'e Wikipedy binne eins mar fjouwer echte regels:

  • De stikken moatte sa objektyf mooglik wêze.
  • Der meie gjin teksten of byldmateriaal oernommen wurde dy't ûnder it auteursrjocht falle.
  • De teksten binne skreaun yn geef Frysk en wy geane út fan in brede standerttaal (sa't dy yn de wurdboeken fêstlein is).
  • De algemiene rjochtlinen fan Wikipedia jilde ek op de Fryske Wikipedia.

Mei in artikel úteinsette

In nij artikel hoecht net perfoarst in hiel lang ferhaal te wurden. Jo meie ek lyts begjinne. Lytse artikelen wurde gauris útwreide en oanpast troch oaren. Dat wol fansels net sizze dat nije stikken net wiidweidich wêze meie - krekt oarsom!

Opbou

Titel

  • Is de titel net langer as ien wurd? Brûk dan as it heal kin de ientalsfoarm fan it haadwurd:
    • Giet de side oer it tennisjen, dan brûke wy net it tiidwurd 'tennisje' mar it haadwurd 'tennis'.
    • Is der gjin haadwurdfoarm dy't by it tiidwurd past, dan wurdt de doelfoarm fan it tiidwurd brûkt. Fan it tiidwurd 'fierljeppe' wurdt de doelfoarm foar de titel brûkt, dus dy wurdt yn dat gefal 'fierljeppen'.
  • Is de titel wol langer as ien wurd? Hâld de titel dan sa koart as mooglik.

Ynlieding

  • Beskriuw yn de earste sin(nen) de essinsje fan it artikel en meitsje it ûnderwerp (dat faak net ôfwykt fan it artikel) fet. Dat dochst troch trije oanhellingstekens foar en nei it ûnderwerp te skriuwen.
  • Pas de ynlieding oan de lingte fan it artikel oan. De ynlieding jout ommers in priuwke fan de rest fan it artikel.

Kearn
Nei de ynlieding komt de kearn fan it artikel.

  • De ferskillende dielmêden binnen in artikel wurde mei saneamde 'subtitels' fan elkoar skieden.
  • Struktearje de ynformaasje neffens ensyklopedyske konvinsjes. Sjoch ek nei besteande artikelen en wurkje foar safier't it kin yn 'e geast fan lykfoarmigens. De measte biografyske of geografyske artikelen hawwe faak in lyksoartige opbou.

Styltips

  • Tip 1 Kwattelje net samar wat gjalpen del, mar skriuw yn folsinnen.
  • Tip 2 Soargje foar in logyske en oersichtlike ferdieling yn alinea's en brûk by langere artikels tuskenkopkes. Dat makket it yn wêzen net sa noflike lêzen fan it kompjûterskerm helte makliker.
  • Tip 3 At der begripen yn it artikel foarkomme dêr't jo fan tinke: hjir koe de lêzer ek wolris mear oer witte wolle, dan kinne jo in ferwizing nei it oanbelangjende artikel meitsje troch it wurd yn de tekst tusken dûbelde kante heakken te pleatsen. Jiertallen kin ek poerbêst nei ferwiisd wurde. At de yngong fan it artikel in bytsje oars hyt as it wurd dat yn jo artikel stiet, dan skriuwe jo earst de namme fan de yngong dêr't nei ferwiisd wurdt, dan in fertikaal streekje (|) en dan it wurd dat yn de tekst komt. It gehiel komt wer tusken dûbelde kante heakken. It is wizânsje om yn ien artikel net mear as ien as twa kear nei deselde yngong te ferwizen.
  • Tip 4 Sjoch Wikipedy:Keppelings om utens - ynformaasje oer it meitsjen fan ferwizings nei in url bûten de Wikipedia's.
  • Tip 5 Foar biografyen, oersjoggen fan lannen en oare artikels mei in skematyske ynhâld kinne jo gebrûk meitsje fan sjabloanen dy't oaren ûntwikkele ha. Sjoch ris op Wikipedia's yn oare talen, bygelyks Wikipedia NL, Wikipedia ENG of Wikipedia DE.

Gearwurking

In artikel dat jo foar de Wikipedy skriuwe, jouwe jo om samar te sizzen yn 'e hannen fan 'e hiele Wikipediamienskip. It is net langer jowes allinnich, mei't elk dermei dwaan kin sa't him goedtinkt. It wizigjen, oanfoljen, korrizjearjen en kopiearjen fan stikken is krekt wêr't de Wikipedy foar ornearre is. It is dêrom wichtich dat jo net al te bot oan jo eigen tekst hingje. It is oars net it doel dat oaren samar grutte stikken tekst fuorthelje of der apekoal foar yn 't plak sette. It is wizânsje om by grutte wizigingen earst mei de oare auteurs oer te lizzen op de oerlisside. Wizigingen kinne oars altyd maklik wer fuorthelle wurde.

Hoe't in artikel stal kriget, beskiedt ta in hichte hoe't oaren dermei omgeane; in goed formulearre, koart stik sil gauris oaren fertokje en skriuw in oanfolling, wylst in stik mei in soad ferwizingen nei oare artikels oaren stimulearje sil om dy artikels te skriuwen of út te wreidzjen. Guon Wikipedylju meie graach ferwizingen meitsje nei net-besteande artikels, dy't in oar dan skriuwe kin, oaren skriuwe sokke stikken sels of meitsje leafst oanfollingen. Elk syn meuch, wat dat oangiet.

Guon artikels lizze minsken sa nei oan 't hert dat se iensidich wurde of minder objektyf as moatte soe. Gearwurking yn oerlis is dan belangryk, wol de ynhâld der op 't lêst net ûnder lije.

Mandeguod (copyright)

De teksten, printsjes ensfh. yn de Wikipedy en de oarstalige Wikipedia's binne mandeguod. Dat wol safolle sizze as dat elkenien de ynformaasje foar alles brûke mei en him feroarje mei sa't him goedtinkt (sjoch GNU/FDL). Sadwaande mei men gjin saken yn 'e Wikipedy opnimme dy't ûnder in foarm fan auteursrjocht falle. Stikken dy't jo foar in oar doel skreaun ha, kinne gauris hiel nijsgjirrich foar de Wikipedy wêze. Wolle jo jo lykwols op jo auteursrjochten beroppe, dan moatte jo jo stik net yn 'e Wikipedy pleatse!

Oare frije ynformaasjeboarnen binne der planteit. Dêr kinne jo sûnder beswier út helje wat jo brek binne. Sjoch mar ris op Help:Gebruik van openbare bronnen (Wikipedia NL).


In nije side meitsje -- Ienfâldich begjinne -- Koart oersjoch -- Helpmiddels -- Dochs wat regels