Sêge

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.

In sêge (komt fan it Dútske was gesagt wird, "wat sein wurdt") is in folksferhaal dêr't almeast in geografyske bysûnderheid of in boppenatuerlik ferskynsel yn ferklearre wurdt. It meastepart fan de sêgen giet oer spûken, tsjoenderij, hekserij, wiersizzerij en oer boppenatuerlike wêzens lykas klopgeasten, wearwolven, ierdmantsjes (kabouters), mearminnen en boemannen. De ôfrin fan in sêge is faak somberder as dat fan in mearke.

Wat in sêge net is

Goaden komme meastentiids net foar yn in sêge. Soenen dy der al yn foarkomme dan is net mear in sêge, mar in myte. Krektsa is it mei libbensbeskriuwings fan hilligen, dat binne nammentlik legindes. Faak wurde sêgen ûnrjochtlik leginden neamd. Oars as by mearkes spilet in sêge him ôf yn in beskate tiid op in beskaat plak.

List mei Fryske sêgen

Sjoch ek

Keppelings om utens