(Go: >> BACK << -|- >> HOME <<)

Springe nei ynhâld

Hylpen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Strjitten: byldzjende keunst
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Strjitten: strjitten nei eigen side
Rigel 82: Rigel 82:


== Strjitten ==
== Strjitten ==
Alle [[Strjitten yn Hylpen]]
't Oast, Achtfoet, Alde Weide, Balkepôle, Buorren, Buorrensteech, De Munnik, De Noling, Dykwei, Easterdyk, Easterstrân, [[Formanje]]steech, Galgepôle, Hânzestrjitte, Hynstepaad, Yndyk, Keallestrjitte, Lytse Weide, Klinten, [[Kreil]]erstrjitte, Madenleane, Mienskarwei, Molestrjitte, Nije Weide, Nijewei, Nijstêd, Skoallestrjitte, [[Skûlenboarch]], Spinhûsstrjitte, Stedsweide, [[Sudersee]]wei, Tsjerkestrjitte, Túnboulân, Tunen, Tunensteeech, Weidestrjitte, Westerdyk, Wiltjesklinten, Wipbrêgesteech.

=== Gallery ===
=== Gallery ===
<gallery>
<gallery>

De ferzje fan 21 jan 2012 om 13.02

Hylpen
Flagge fan Hylpen Wapen fan Hylpen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Hylpen
Gemeente Súdwest Fryslân
Ynwennertal (2002) 874
Webstee
de himrik fan Hylpen
Oan de Iselmar

Hylpen (Hindeloopen) is in stêdsje yn de Fryske gemeente Súdwest Fryslân. Oant 2011 lei Hylpen yn de eardere gemeente Nijefurd. It is mei 874 ynwenners (1 jannewaris 2002) nei Sleat de lytste fan de Fryske âlve stêden. It leit oan de Iselmar.

Hylpen wie in aparte gemeente oan 't it yn 1984 mei Warkum en Starum en in grut part fan Himmelumer Aldefurd opgie yn de nije gemeente Nijefurd.

Oars as yn de buorstêd Starum wurdt yn Hylpen gjin Stedsk praat, mar in fonologysk sjoen tige behâldend Frysk dialekt, it Hylpersk.

Skiednis

Sylroede (2008)

Hylpen krige yn 1372 stedsrjochten, wêrtroch it ien fan de âlve stêden is. It hie lang gjin haven mar allinnich in ree yn de Sudersee; dochs wie it lange tiid in Hânzestêd en fiskersplak. De skippen fan de fiskers hiene de registraasjeletters HI. De grutte bloeiperioade fan it stedsje lei tusken 1650 en 1790, doe't Hylpen in grutte fleat hie fan mear as tachtich skippen. Oan de kapitale kapteinshuzen út de 17e en 18e ieu is noch te sjen hoe ryk oft de Hylpers wienen. De kapteinshuzen hienen faak in lyts ankerke yn de gevel om sjen te litten dat de kaptein thús wie. As de kaptein simmerdeis de see op wie gienen de froulju mei de bern yn de likhûzen, dat binne lytsere húskes dy't efter yn de tún tsjin it wetter oanboud wiene.

De namme Hylpen wie lang allinnich de eigen namme fan de stêd, stavere as Hielpen, wylst it Standertfrysk Hynljippen hie. Tsjin de ein fan de 20e ieu is de eigen namme lykwols algemien wurden.

It stêdsje

Ek al is Hylpen lyts, der is in protte te sjen. Sa is der de Westertoer út 1593, de herfoarme tsjerke út 1632, it Hidde Nijland Museum en it Earste Fryske Redensmuseum.

Hylpen hat in stasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Starum.

It besjen wurdich

De tsjerke en it Hidde Nijlandmuseum (2008)

Alhoewol't Hylpen lyts is, is der in soad te besjen:

  • Westertoer út 1593
  • Kapteinswenten
  • herfoarme tsjerke út 1632
  • it eardere stedhûs, no museum.
  • it eardere Havengebou no as Slûshûs, mei iepen klokke(stoel)toer, út 1619.
  • eardere oerdekte fiskôfslach, no Leagenbank út 1785.
  • gevelbyldnis op it Slûshûs de "Wonderbare fiskfangst" út 1911.
  • de âlde fiskershaven yn 2006 rekonstruearre nei de haven út 1934.

Hylpen hat (of hie) syn eigen dracht, en de Hylper skilderkeunst is wiidferneamd. Tsjintwurdich toant allinnich de folkloristyske sjong- en dûnsgroep "Aald Hielpen" de klederdracht noch by optredens yn Hylpen of fier dêrbûten, oant Amerika en Japan ta. Ek de Hylper skilderkeunst is wrâlwiid bekend.

Tsjintwurdich is Hylpen benammen yn trek by toeristen dy't benammen yn de maitiid en simmerdeis it stedsje oandogge. Ek is der in grutte jachthaven. En in lytsere âlde gemeente fiskershaven, dizze is hjoed de dei in passantehaven fan de Feriening Hylper Haven. De eardere suderseeslûs (fan 1785) wurdt noch altyd mei de hân betsjinne, de slûs is 20 meter lang, 5 meter breed en de drompelhichte is 1 meter 30. De slûs is fan maaie oant oktober iepene en oars op ôfspraak (0514-522009) foar trochfeart. NB de brêgen yn it binnenlân binne 2,20 meter heech en yn de rin fan 2008 wurdt de trochfearthichte op 3 meter brocht.

Foarsjennings

Troch de wettersport en musea binne der nettsjinsteande it lytse ynwennertal yn ferhâlding in soad foarsjennings yn Hylpen. Sa is der in lytse middenstân en tsiental horekagelegenheden. De jachthaven Hylpen is in 4-stjerren jachthaven mei in protte foarsjennings, lykas in oerdekt swimbad, sauna, kegelbanen, wettersportwinkels ensfh. De âlde gemeente fiskershaven biedt ek gelegenheid foar oernachting mei alle nedige fasiliteiten. Fierders binne tichtby Hylpen 3 kempings, yn de stêd Hylpen 3 pensjons en 2 hotels.

Mienskip

It mienskipssintrum hjit De Foeke. Ek Pleatslik Belang hat hjir har gearkomsten.

KNMR-skuorre Hylpen

Ferienings

  • toanielferiening
  • iisklub Hielpen
  • Het Trefpunt - sjitten
  • Grietje Sprot - fiskwivekoar
  • Underweis - sjongen
  • Murk Lelsz - shantykoar
  • SVW - follybal, gymnastyk, swimmen
  • SV Hielpen - fuotbal

Befolking

Ferskaat

  • Op 14 novimber 1981 en op 23 novimber 1991 wie Hylpen it plak wêr't de lanlike yntocht fan Sinteklaas wie. In dy fan '81 makke Michiel Kerbosch syn debút as de wolbekende Paadwiispyt.
  • Op in oarkunde út 1355 hinget in segel mei in hartesoarte der op. Op it stedswapen stiet ek sa'n hart.
  • Hylpers wurde ek wol ribbekliuwers neamd. It soe komd wêze trochdat de ynwenners op it iis ynstee fan redens ribben ûnderbûnen.

Musea

  • Hidde Nijland Museum Hylper skilderkeunst, kostúms en skipfearhistoarje
  • Earste Frysk Reedmuseum Redensmuseum:

Iepenbier ferfier

Strjitten

Alle Strjitten yn Hylpen

Gallery

Byldzjende keunst

Keppeling om utens