(Go: >> BACK << -|- >> HOME <<)

No op 'e radio:  
No op 'e televyzje:  
SyF_Skûtsjesilen_grut Thús Simmer yn Fryslân

Tongersdei 25 juny

De sechde wedstryd fan it SKS-Skûtsjesilen fan 2009 fynt plak by Starum. Wa't de wedstryd fanôf de wâl folgje wol kin dat dwaan fanôf de Iselmardyk. Omrop Fryslân docht live ferslach op radio en tillevyzje. Harkje oerdeis nei de radio foar it ferslach fan Sippy Tigchelaar en Klaas Jansma en sjoch jûns nei it Skûtsjesjoernaal op 'e tillevyzje.

Mear ynformaasje

Skûtsjesilen 2009: mis it net
Ynterview mei Sippy en Klaas
Winners ferline jierren
Skûtsjes en skippers 2009
Moaie mominten út ferline jierren

Skûtsjesilen 2009: mis it net

Fan alle eveneminten yn de simmer yn Fryslân kin it skûtsjesilen mei rjocht en reden ien fan de populêrste neamd wurde. Hûnderten, sa net tûzenen boatsjeminsken komme der alle jierren wer op ôf en ek de wâl stiet by eltse wedstriid fol mei minsken, mei in kiker en in radio ôfstimd op 92.2 FM. Want Omrop Fryslân jout der wiidweidich oandacht oan op radio, mar ek op televyzje en ynternet.

Klaas & Sippy

Tradysjegetrou folgje Klaas Jansma en Sippy Tigchelaar twa wike lang hoe't it de Vissers, de Meeters en de oare skippers fergiet by de wedstriden yn de SKS. De wike dêrnei dogge sy it nochris oer mei in ferslach fan de IFKS. De spanning rint somtiden heech op, want net allinne de skippers en harren bemanning fiere in ûnderlinge striid, ek de skûtsjes komme sa no en dan ôfgryslik ticht byelkoar. Klaas en Sippy witte dat as gjin oar oer te bringen op it publyk.

En de reaksjes fan de skippers sels? Dy komme wiidweidich oan bar yn it Skûtsjesjoernaal op televyzje, alle dagen live fan ôf in âlde salonboat: de Gaasterland. Neist it ferhaal fan de skippers yn it koart nochris it wedstriidferslach en sfearreportaazjes út it wedstriidplak. Oan tafel jout Klaas Jansma syn fizy op de wedstriid en der wurdt praat mei nijsgjirrige gasten fan út 'e skûtsjewrâld en dêrbûten. Ek sil der op guon dagen live-muzyk oan board wêze. De presintaasje is yn hannen fan Arjen de Boer, Simone Scheffer en Dieuwke Kroese. It skûtsjesilen by Simmer yn Fryslân op Omrop Fryslân, mis it net!

Skûtsjesilen SKS

Ek dit jier docht Omrop Fryslân op ferskate wize ferslach fan it Skûtsjesilen fan SKS en IFKS. Op radio, tillevyzje en ynternet komme jo alles te witten oer it SKS Skûtsjesilen fan 2009.

Taal
Mear ynformaasje')">Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Kalinder

 
mo ti wo to fr sn sn
25262728293031
1234567
891011121314
15161718192021
22232425262728
293012345
< foarige | folgjende >
© 2009 Omrop Fryslân
Thús Simmer yn Fryslân